| Skûtsjesilerij Burgumer Mar afgelast! |
|
|
|
| Geschreven door Eos Multimedia Burgum |
|
Vrijdag 17 Juni 13:11 uur BURGUM - Foar de twadde kear yn súksesje hat de organisaasje fan de skûtsjesilerij op de Burgumer Mar beslute moatten om de wedstriden ôf te laskjen. De waarsfoarútsichten en benammen wynkrêftferwachting foar moarn binne sadanich dat it net ferantwurde is om mei in grut tal skûtsjes op 'e Mar te silen. De organisearjende Stifting 'Skûtsjesilen yn 'e Wâlden' hat syn beslút basearre op ynformaasje fan de saakkundigen by de IFKS en skûtsjeskippers út eigen fermidden. De útkomst fan dy meldingen wie unanym: tè risikofol om te silen, dus ôfblaze! De organisaasje sil him de kommende wiken noch beriede oer mooglike alternativen, mar sjoen de grôtfolle agenda's fan skûtsjeskippers sil dêr op koarte termyn net folle kâns op wêze. It stribjen om ta in skûtsjesyltradysje yn 'e Wâlden te kommen bliuwt, nettsjinsteande dizze ôfdijer, alhiel oerein. (bron: rtvkanaal30.nl) |


